Eén ker per 14 dagen is er een Gebedskring in de Hege Stins.
De algemene lijn is: Lied, korte overdenking, inbreng gebedsintenties. Gezamenlijk gebed. We danken God voor Zijn Woord. We bidden voor onze gemeente, de kerkenraad, ons dorp. Er is zoveel om met Hem te delen.
Wees welkom!
Wanneer:
woensdag 4 en 18 september woensdag 2, 16 en 30 oktober
Locatie
De Hege Stins
Tijd
18.45 tot 19.30 uur
Namens de Kerkenraad en Gebedskring
Aangemaakt op .
Emeritaat Ds W.Feenstra.
Dûmny Wybe Feenstra waard op 17 maaie 1992 ferbûn oan de Grifformearde tsjerke fan Eastermar. Tegearre mei syn frou Corinne Kat. Letter, doe't Corinne troch sykte net langer mear wurkje koe, wie hy allinne dûmny yn Eastermar.
Yn maaie 2005 liet hy de gemeente fan Eastermar efter him en gie nei de Grifformearde tsjerke fan Oldekerk. Op 'e nij joech hy stjoer oan it fúzjeproses fan de Grifformearde tsjerke en de Herfoarme gemeente en sa ferliet hy de Protestantske gemeente fan Oldekerk-Niekerk-Faan- Enumatil yn jannewaris 2021 om oan de slach te gean yn 2 Protestanske gemeenten: dy fan Twizelerheide en dy fan Noardburgum.
No is it safier dat dûmny Wybe Feenstra op 12 oktober takommend 67 jier wurdt, foar him reden om ôfskied te nimmen fan beide gemeentes. Dit sil syn beslach krije yn 2 ôfskiedstsjinsten. Op 13 oktober yn Twizelerheide en op 20 oktober yn Noardburgum. As der minsken fan ús gemeente binne dy’t dêr bywêze wolle dan binne der 2 mogelikheden.
óf de ôfskiedstsjinst yn Twizelerheide bywenje op 13 oktokber om 10.00 oere yn de 'De Banier' (Bjirkewei 86, 9287 LG). Dit sil in Fryske tsjinst wêze.
óf de afscheidsdienst in Noardburgum bijwonen op 20 oktober om 10.00 uur in de Protestantse kerk (Rijksstraatweg 15, 9257 DR). Dit wordt een dienst in het Nederlands.
Begjin 2025 sille Wybe en Corinne ferhûzje fan Twizelerheide nei Burgum.
Elle Hoekstra
Aangemaakt op .
Muzikale middag 5 oktober
Aangemaakt op .
Startzondag 8 september
Aangemaakt op .
Utstjoering tsjerketsjinst fan ‘e moarn
Dit berjocht krige ik fan Simon Bosma:
"Achte webmaster fan PG Eastermar. Fannemoarn wiene der swierrichheden mei de technyk. Dêrtroch hat Kerkomroep neat útstjoerd. De fideo fan de tsjinst wie wol opnaam lykwols. Dy fideo ha ik no krekt upload nei Kerkomroep. Dan kinne de minsken it dochs sjen. Miskien kin der in koart berjocht op de site?"
Hjirby dus.
Groetnis
Elle Hoekstra