Skip to main content

logo-PKN-Eastermar

Geloof-Hoop-Liefde

Roazekrans

Op sneintemoarn op it tsjerkehiem wie der wat bisûnders oan de doarkruk fan 'e tsjerke hong. In roazekrans, en dat foel op. Jo koenen sjen dat dy roazekrans net nij mear wie. Op it krúske dat der oanhinget stiet: BETEHLEHEM. En dan komme der allegearre fragen op lykas:

  1. Wa hat dy krans dêr delhong? Is it fan immen dy't dizze krans fûn hat en tocht: wêr moat ik der mei hinne? Of is it fan immen dy't dizze krans bewust oan de tsjerkedoar hong hat mei in bedoeling? 
  2. Wêr komt dy krans wei? Soe dizze krans wier alhiel út Bethlehem wei kaam wêze?
  3. Soe dizze krans wier brûkt wêze as dêr't der foar bestimd is: it begelieden by gebeden? 
  4. Is it in grap of hat dit in djippere betsjutting? Wol de jouwer der in boadskip mei trochjaan oangeande de (relaasje tusken de) Roomse tsjerke en (ús) Protestantske tsjerke?
  5. Hoe lang soe dizze krans der hong ha? Sûnt fan 'e moarn bytiid, sûnt juster, sûnt .........

En wat moatte wy hjir no mei. De earste tsjerkegongers hat tocht: mar fan de doarkruk ôf en dan mar efkes oer it heakje oan 'e muorre hingje neist de doar. Mar ja, en fierder dan? Mei in plûchje belangstellenden mar besletten om de krans nei ôfrin mar wer oan de doarkruk te hingjen. Faaks wurdt de krans wer troch immen meinaarm.

Wa wit wat mear oer dizze krans?

Elle Hoekstra

Roazekrans 1

Roazekrans 2

 

  • Aangemaakt op .