Skip to main content

logo-PKN-Eastermar

Geloof-Hoop-Liefde

Wês yn desimber in Krystingel

 Foar de 3de kear wolle wy, mei help fan ingels, de tsjustere dagen foar Kryst wat ljoochter meitsje. Wy wolle yn dizze  tiid omsjen nei minsken dy’t ferlet ha fan treast, ljocht as in opstekker. Lokkich binne der ek hiel wat minsken dy’t dat jaan wolle en kinne!
Dêrom sette wy yn Eastermar wer in Krystingelsprojekt op. Dêrmei wolle wy minsken, ynwenners fan Eastermar, (anonym) oan elkoar ferbine, yn de moanne foarôfgeand oan Kryst
krystingel 2 

Eltsenien kin in ingel wêze, elts kin meidwaan. Ingels binne minsken dy’t der efkes foar in oar wêze wolle. Om wat ljocht, treast en oandacht te bieden. As ingel giest op as rûn de fjouwer Adventsneinen fjouwer kear lâns de doar fan it adres dat’st tabedield krigest. Mei bigelyks in kaartsje, in tekening, wat lekkers, in lyts kadootsje, in blomke, ensf. Wat’st ek mar betinke kinst. Foar ynspiraasje sjoch op: www.engelenproject.nl. Dû bringst it anoniem.

De datums binne 1, 8, 15 en 22 desimber.

Dû kinst dy opjaan as Krystingel oan’t woansdei 20 novimber. Yn 'e rin fan de wike dêrop krigest fan de organisaasje in slûfke mei fierdere ynstruksjes en it adres dêrst dyn (as jim) rol as krystingel begjinst.
Dû kinst ek in gesin/bewenner/húshâlding foardrage foar omtinken troch in Krystingel. De organisaazje hat gjin ynfloed op de adressen dy besocht wurde, dat giet alhiel op wa't der oandroechen wurdt.

Opjefte fan Krystingel en opjefte fan adres wat omtinken nedich hat kin via mailadres tjitskezeilstra9@gmail.com of a.kramer42@chello.nl  
Wy hoopje dat wy sa mei in “leger fan Ingels” Eastermar ek yn de tsjustere dagen foar Kryst as stjer tusken de marren skine litte kinne!

Ha jo noch fragen? Dan kinne jo telâne by Tsjitske Zeilstra, Tjitske Wijnsma, Sippie Wijnsma, Annet Westerhof of Hetty Kramer.

  • Aangemaakt op .