Skip to main content

logo-PKN-Eastermar

Geloof-Hoop-Liefde

Bazaar foar World Servants

Op saterdei 11 maart is der in bazaar yn de Hege Stins yn Eastermar. It begjint om 16.00 oere. Eltsenien is fan herte wolkom! Der binne spultsjes lykas ‘het geluid’ mar ek "âld-Hollanske spultsjes". Der wurde û.o. boeken, DVD’s en planten ferkocht en der is in restaurant en "koffie corner". Mar jo kinne moaie prizen winne.
Om 17.30 wurd der in ferlotting hâlden mei moaie prizen.
Dizze feestdei wurdt om 18.00 oere ôfsletten mei in grutte feiling. In wurk fan Gosse Koopmans, fruitbeammen, streekprodukten, workshops en oare moaie kavels komme ûnder de hammer.
De opbringst fan de bazaar en feiling is foar World Servants Eastermar, dy’t hjirmei de lêste aksje yn it doarp hâldt foar it bouprojekt fan in sikehûs yn Zambia.

Schermafbeelding 2017 03 04 om 11.02.57

  • Aangemaakt op .