Skip to main content

logo-PKN-Eastermar

Geloof-Hoop-Liefde

Gebedswike 15-22 jannewaris

Gebedsweek 2023 1Jesaja 1:17:
“Lear goed te dwaan, sykje de gerjochtichheid, nim it op foar de ferdrukte en help wees oan syn rjocht en gean foar de widdow yn ‘e pleit!”

Jierlyks wurdt yn ús lân en tal fan oar lannen de “Week van gebed voor de eenheid van christenen” hâlden. Dit jier stiet de twaspjalt sintraal, dy’t ûntstien is troch it omgean yn en fan ús mienskip mei ûngelikens/diskriminaasje en rasisme.
Ut Minnesota, Amearika, is it Bibelgedielte ta ús kommen en trochfertaald nei de hjoeddeiske sitewaasje yn ús lân.

Troch acht ûnderwerpen en bypassende Bibelgedieltes krije wy mear taljochting oer it sintrale tema.
1 Lear it goede te dwaan.
2 Doch mei blydskip it goede.
3 Wy – net iksels.
4 Sjoch de triennen fan de ferdrukten.
5 Sjong foar ús in fleurich liet.
6 Dat hawwe jim foar My dien.
7 Sa hoecht it net te gean.
8 Goedmeitsje.

Ferskate gemeenteleden wurkje mei oan de fierings, ús jeugd sels twa kear!
It programma:

* Sneintemoarn 15 jannewaris 11.00 oer is de iepening. Yn de jongereintsjinst giet it fuort oer it tema.
Dat is “Ungelikens”. Sjoch it berjocht oer de jingereintsjinst!
Troch de wike fine de fierings plak yn de Sêre fan De Hege Stins, tiid: 19.00 – 19.30 oere.
* Moandei 16 Pastoarale ried
* Tiisdei 17 Diakonij
* Woansdei 18 Tsjerkeried
* Tongersdei 19 Gebedskring
* Freed 20 Gjin fiering
* Sneon 21 Us jongerein
* Sneintemoarn 22 Ofsluting yn de tsjinst troch Fr. vd Galiën. 9.30 oere.

Lit it dúdlik wêze dat wy as kristenen besykje moatte in wei te finen yn dizze hektyske tematyk, dy’t hjoeddedei fan alle kanten op ús takomt.
Gebed en besinning helpe ús om der oan mei te wurkjen.
Wêz wolkom.
Tsjerkeried en gebedskring noegje jim fan herte út.

  • Aangemaakt op .