Skip to main content

logo-PKN-Eastermar

Geloof-Hoop-Liefde

"Pastorieappels"

  Appels1 Appels3 Appels2

De pastory stiet de hiele simmer alwer leech en wurdt stikemwei mear ûnsichtber efter in girene muorre fan beammen en strûken. En ek al is it in o sa drûge simmer, de apelbeammen gienen harren gong en produsearren in soad apels dit jier. Apelbeammen dêr't Wim o sa'n niget oan hie (op syn fersyk binne dy beammen der destiids kaam).

Mar wat no te dwaan mei al dy apels no't de bewenners furort binne? Loltsje soe Loltsje net wêze om dêr  in oplossing foar te betinken. Sy stuts de hannnen út de mouwen, gie oan de slach en naam de apels mei nei hûs en makke fan in part apelsmots en ferpakte de apels yn in pûdsje. En wat kinne jo dan better dwaan dan dizze apels beskikber stelle oan de leden fan ús tsjerklike gemeente?

En sa kamen dy apels ôfrûne snein yn De Hege Stins telâne. Tsjerkegongers koenen dizze apels sa meinimme. Kosten? Neat, fergees dus. Dû 't Jantsje der lucht fan krige dat der gjin jild frege wurde soe foar dizze "Pastorieappels" oppere hja om in Famtofam sparpotsje del te setten foar minsken dy 't dochs wat jaan wolle. En sa barde it en brocht dizze aksje ek noch € 21 foar Famtofam op.

Mar, wy binne der noch net. Fan 'e wike giet Loltsje wer nei de pastory en plukt ek de twadde beam leech. En sa komt der noch in kans om oan dizze apels(mots) te kommen. Takommende snein lizze der wer apels yn 't tsjerke, no by de útgong ûnder de toer.
Dus wês der by, dit is de lêste kans. Ek it Famtofam sparpotsje sil der wer by stean. O ja, betelje mei kollektebonnen is ek plrima.

Moaia aksje fan Loltsje.

  • Aangemaakt op .