Skip to main content

logo-PKN-Eastermar

Geloof-Hoop-Liefde

Ynsamling Moldavië/Oekraïne

Ynsamling Moldavië/ Oekraïne

Ynkoarten begjint in 2de ynsamling foar Moldavië. Yn dit lân giet de stream flechtelingen út Oekraine gewoan troch.
Yn de media wurdt der al folle minder oer neamd, mar der is eins noch net safolle feroare. Moldavie is in earmoedich lân en folle jild en middelen binne der net foar opfang.
Earder dit jier binne der 4 frachtweinen nei Moldavië west en dat wie in grut sukses, mar ek skrijnend om te sjen hoe it er der hinne leit.
Fanôf 29 juny kin der wer guod brocht wurde by Bouwe de Jong, Sumarderwei 3 ( 06-28079295 ) yn Eastermar.
Pasta, rys, blikgrienten, ierpels, woartels, sipels ( gjin flleissprodukten). )
Hygiënyske middels, maandferbân, tandpasta, toskeboarstels, sjippe, sjampo.
Babyvoeding, luiers, fersoargoingsprodukten.
Skuon, mûtsen, sjaals en wanten (gjin breide guod), waskmiddels.
Boppesteand is it listje út Moldavië, wurdt dit oars dan komme wy dêr letter noch mei.
Mar foar no graach safolle mooglik it listje oanhâlde, dus gjin klean, knuffels, en dizze ronde ek gjin matrassen of tekkens.
By de eardere ynsamling seachen wy de meast bysûndere objekten; kopkes. restanten servies, ûnderguod wat stikken is en fol plakken siet, kleanstokjes en neam mar op.
In moai rariteitenkabinet koenen wy der fan meitsje, mar it soarge ek foar ekstra wurk.
Wy hoiopje dat dizze aksje wer sa slachje mei as earder dit jier.

Stichting "mensenkinderen" en it ingeleprojekt Eastermar.

Moldavie 1 Moldavie 2 Moldavie 3

Moldavie 4 Moldavie 5 Moldavie 6

  • Aangemaakt op .