Skip to main content

logo-PKN-Eastermar

Geloof-Hoop-Liefde

Wês in Krystingel yn Eastermar!

Yn de tsjustere dagen foar Kryst binne der hiel wat minsken dy’t ferlet ha fan ljocht, treast as in opstekker. Lokkich binne der ek hiel wat minsken dy’t dat jaan wolle en kinne! Nog altyd sitte we yn in tiid fan ôfstân bewarje en is der mear as oars ferlet fan soarch foar elkoar, tichteby wêze & romte foar spontaniteit. Iensumens leit op’e loer. Dêrom sette wy yn Eastermar opnij in Krystingelenprojekt op. Dermei wolle wy minsken, ynwenners fan Eastermar, (anoniem) oan elkoar ferbyne, yn de moanne foarôfgeand oan Kryst. krystingel 2 

Krekt no is der in soad ferlet fan Ingelen!

Eltsenien kin in ingel wêze, elts kin meidwaan. Ingelen binne minsken dy’t der efkes foar in oar wêze wolle, om wat ljocht, treast en oandacht te bieden.
As ingel giest op as rûn de fjouwer Adventsneinen foarôfgeand oan kryst, fjouwer kear lâns de doar fan it adres dat’st tabedield krigest. Mei bygelyks in kaartsje, in tekening, wat lekkers, in lyts kadootsje, in blomke, ensaf. Wat’st ek mar betinke kinst. (Foar ynspiraasje sjoch op: www.engelenproject.nl). Dû bringst it anoniem.
De datums binne 28 november, 5 desimber, 11 desimber & 19 desimber.

Dû kinst dy opjaan as Krystingel oan’t saterdei 20 november. Yn de rin fan de wike dêrop krigest fan de organisaasje in slûfke mei fierdere ynstruksjes en it adres dêr’t op as rûn 28 novimber dyn (as jim) rol as krystingel begjint.
Dû kinst ek in gesin/bewenner/húshâlding foardrage foar omtinken troch in Krystingel.
Wy hoopje dat wy sa mei in “leger fan Ingelen” Eastermar ek yn de tsustere dagen foar Kryst as stjer tusken de marren skine litte kinne!

Ha jo noch fragen? Dan kinne jo telâne by Hetty Kramer, Tjitske Zeilstra, Tjitske Wijnsma, Wietske van der Zee of Annet Westerhof.

Opjêfte foar Krystingel en/as immen foardrage foar besite fan in Ingel kin troch namme en adres op úterlik 20 novimber oan te leverjen by Tjitske Zeilstra (Harstepaed 6).

Per email mei ek: krystingel@gmail.com

  • Aangemaakt op .