Skip to main content

logo-PKN-Eastermar

Geloof-Hoop-Liefde

"In de weer voor de Heer"

Jierren ferlyn wie der in gemeentelid dy 't de folgjende spreuk hearre liet: "Aan het werk voor de kerk, in de weer voor de Heer". Dêr moast ik oan tinke dû 't in freon fan ús mij benadere mei de foto fan Tine mei de fraach: "Kinsto dizze frou?". Dêr hoechde ik net lang oer nei te tinken en ik frege him: wêr hasto har fûn?

Hij lêst it "nederlandsdagblad" en dêr stienen saterdei 2 oktober l.l. 2 moaie stikjes yn oer Tine Hoekstra. Ien oer it breidzjen foar leprapasjinten en ien oer Tine har ynset foar ús tsjerke. No lês ik gjin nederlandsdagbald en ik kin my foarstelle mear fan ús net. Dêrom ha ik dizze stikjes mar efkes op ús webside set. Dan kin elts dy 't dat wol der kennis fan nimme. Klik hjirre om de stikjes te besjen.

Elle Hoekstra

  • Aangemaakt op .