Skip to main content

logo-PKN-Eastermar

Geloof-Hoop-Liefde

Sop-saterdei: doch mei!

Yn jannewaris, at de Krysttiid efter ús leit, wachtet ús, misskien noch wol mear as oare jierren, in stil en griis begjin fan it nije jier. In tiid dy’t dreech wêze kin foar minsken dy’t iensum binne of troch sykte of omstannichheden net folle om hannen ha. Om ek yn it nije jier each foar elkoar te ha, wolle wy it Ingelenproject yn jannewaris graach in ferfolch jaan troch saterdei 23 jannewaris út te roppen ta ‘Sop Saterdei’.

 Sop saterdei 1    Wy sykje 50 minsken dy’t op 23 jannewaris yn in stikje fan it doarp mei sop by de doarren lâns wolle. Jo kinne jo allinich as yn twatallen opjaan. Wy dogge ús bêst jo safolle as mooglik yn jo eigen strjitte yn te dielen, mar dat sil fansels ek ôfhingje fan de opjefte.

Dêrneist sykje we 50 minsken dy’t op 22 of 23 jannewaris in grutte panne sop siere wolle. Fansels kinne jo ek oanjaan dat jo sels de sop siere én by lâns bringe wolle! Wolle jo graach meidwaan as sop-sierder, mar binne de kosten dêrfoar te heech? Jou dat yn’t foar efkes oan, dan kinne jo de bontsjes nei ôfrin by ús ynleverje. 

Wy hoopje op genôch sop-sierders, sadat elts twatal fan sop foarsjoen wurdt. Mocht dat net slagje, dan sille we jo freegje om yn jo eigen netwurk in keukenprins(es) te finen dy’t jo helpe wol.
Wy hoopje op’e nij op in slagge aksje!

Opjaan kin fia it mailadres krystingel@gmail.com as mei in tillefoantsje nei Wietske v.d. Zee 06-15137222 foar 9 jannewaris
Wy sille dan foar 16 jannewaris kontakt mei jo sykje oer jo rol op ‘Sop Saterdei’.
Annet Hamstra, Wietske van der Zee, Tjitske Zeilstra, Hetty Kramer en Jantsje van der Veen

 

  • Aangemaakt op .