Skip to main content

logo-PKN-Eastermar

Geloof-Hoop-Liefde

De sintetellers . . .

Der binne in soad minsken dy't "achter de schermen" harren ynsette foar ús tsjerke. Jo sjogge harren net en jo hearre harren ek net. Dochs kin in tsjerke net sûnder sokke minsken. Nim no bigelyks de "sintetellers". Dat binne  de minksen dy 't de kollekten telle. Meastentiids dogge hja dat om de 4 wiken. By ekstra tsjinsten om Peaske en Kryst hinne in wike earder.

Mei in kopke kofje en koeke fan Hillie is it hiel goed te dwaan :-)
Op de foto sjogge jo de ploech yn aksje: Ids Groenewoud, Jan de Jong en Taeke Hiemstra. Jo kinne oan de gesichten fan de mannen wol ôflêze: dit is in serieuze saak.

Linksachter op de foto sjogge jo de telmasine foar de munten; papierjild en kollektebonnen wurde mei de hân teld. Eltse kollekte wurdt apart teld en op in laptop ynfierd yn in rekkenprogramma.
Mei de opbringst fan de bernetsjerke en kofjebuskes komt it totaal dan per kear op sa’n 20 tellingen.

Oan de ein wurdt dúdlik hoefolle de opbringst yn syn gehiel is: foar de diakonij en hoefolle oan jild der nei de bank giet. Twa man bringe it jild fuortendaliks nei de bank. Dêr wurdt alle jild (as kontrôle) wer opnij teld.

Dêrnei giet de hiele administraasje nei de skathâlder.
Dy soarget der foar dat alle opbringsten op it goeie plak telâne komme.

Sa giet dat dus yn syn wurk.

sintetellers

  • Aangemaakt op .