Skip to main content

logo-PKN-Eastermar

Geloof-Hoop-Liefde

World Servants flessenaksje

Ôfrûne simmerfakânsje bin ik (Silke Zandstra út Eastermar) mei de World Servants groep út Eastermar nei Sierra Leone west. Dat fûn ik sa’n moaie ervaring dat ik yn 2026 op 'e nij op reis sil mei World Servants. Ik sil mei in groep fan 11 jongeren út Suwâd, Tytsjerk en De Tike nei Ethiopië om dêr in skoalle te bouwen. Yn totaal moatte wy hjirfoar in bedrach fan € 38.000 ynsammelje. Dêrfoar organisearje wy in flessenaksje. Ha jim lege flessen, blikjes of bierkratten, bring dy dan nei de Grote Hornstweg 11. Binne wy net thús? Dan meie se ûnder de carport. Tige tank foar jimme help!

Alfêst Bedankt!

Mei freonljke groetnis,
Silke Zandstra

WorldServents flessenactie

 

  • Aangemaakt op .