Skip to main content

logo-PKN-Eastermar

Geloof-Hoop-Liefde

Bedankje Famtofam

Famtofam logo

Moai dat wy as Famtofam de gelegeheid krigen yn de tsjerketsjinst fan 5 oktober ll te fertellen oer ús kommende bestjoersreis nei Armenië. It moast in bytsje "út de losse pols". Dat kaam omt de beamer der gijn sin oan hie en ik dus net myn 'plaatsjes' sjen litte koe. 
En dan rinne jo it risiko wat te ferjitten. En dat barde dus ek. Wat ik net neamd ha is de datum van ús reis. De reis is fan 14 oant 22 oktober.   
Nei de tsjinst stienen Willemien en Jantsje mei ferkeap fan kaarten en geitewollensokjessleutelhangers yn de kofjerûnte. Dizze sleutelhangers binne makke (en skonken) troch Trienke Hamstra. En dat leverde har (terjocht) in applauske op tidens myn ferhaal.

De ferkeap gie in bytsje as eartiids ek barde: "ik wol wol wat keapje mar ha gjin beurs by my". Dat wie gjin probleem want Jantsje woe it wol efkes 'opskriuwe'. En sa hienen wy fan 'e wike ferskate froulju by ús oan 'e doar mei it jild. Moai foar Famtofam mar ek foar ús want sa hienen wy wer kontakten (somtiden ûnder it genot fan in kopke kofje) mei ferskate tsjerkeminsken.
De opbringst fan de ferkeap kaam út op €191,50 en ek mochten wy in nije sponsor ynskriuwe.
No noch efkes wachtsje op de opbringst fan de kollekte.

Allegear o sa bedankt foar jimme belangstelling en stipe.

Ut namme fan it Famtofam bestjoer,
Elle Hoekstra

 geitenwollensokkensleutelhanger

 

 

 

  • Aangemaakt op .