Yn Eastermar wurdt it 100ste bertejier fierd fan helppreker, samler en bysûndere man: Dam Jaarsma. Der binne it hiele jier ferskate aktiviteiten. 

image

Yn dit kader hâldt dominy Wim Stougie snein 24 augustus in saneamde Dam Jaarsmapreek.

De preek duorret fan 9.30 oant 10.30 oere en is yn de PKN tsjerke de Hege Stins op it Heechsân yn Eastermar. Elts is wolkom!

Yn de Hege Stins is ek de eksposysje 'Chique getreurd' te besjen, mei troch Jaarsma sammele rou-foarwerpen. Fanwege dizze eksposysje hinget it prachtige trijelûk dat makke is troch keunstner Aizo Betten efter yn de fernijde tsjerke en kin ek bewûndere wurde.

 

 

A- A A+
Gerealiseerd door Studio Staalkaart